Man swaait mei swurd

02 des 2013 - 11:05

In 44-jierrige man út Assen is snein yn Ljouwert oanhâlden nei't er op it stasjon mei in swurd omrûn hie. Omstanners bellen de plysje om't de man yn de war liek te wêzen. Hy wie ûnderwilens yn in bus stapt. De plysje koe him achterhelje op de Ludinga, dêr is er út de bus helle en oanhâlden. De plysje hat it swurd yn beslach naam en de man nei it plysjeburo oerbrocht. Hy is letter nei in ynstelling fan de geastlike sûnenssoarch brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)