Man swaait mei mes yn Harns

09 nov 2008 - 16:00

De plysje ropt minsken op dy't sneontemiddei yn Harns bedrige binne troch in man mei in mes, om hjir oanjefte fan te dwaan. De man (38) út Harns rûn tusken 13.10 en 14.00 oere troch de Foarstrjitte mei in mes te swaaien. Hy bedrige meardere minsken.

De warskôge plysje seach de man fuortrinnen op de William Bootstrjitte. Ien fan de plysjes luts in pistoal om de man ta stilstân te krijen. Dat slagge, de man is yn de boeien slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)