Man swaait gefaarlik mei skjirre

07 okt 2006 - 13:37

Yn Ljouwert is in man (59) oppakt om't er in oar bedrige mei in skjirre. Beide manlju hiene op de Stastjonswei rûzje mei-inoar krige. In tsjûge seach dat de iene in skjirre yn 'e hân hie en dêrmei drige, en warskôge de plysje.

De plysje naam de man de skjirre ôf. Hy is oanhâlden en hat in proses-ferbaal krige foar ferbean wapenbesit. Bliken die dat beide manlju problemen mei-inoar hawwe yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)