Man sûnder rydbewiis nimt stjoer oer fan wurge freondinne

28 jan 2016 - 09:02
  • Plysje

Om't syn freondinne wurch wie, stapte in 27-jierrige Ljouwerter woansdeitejûn achter it stjoer, nettsjinsteande dat er gjin rydbewiis hat. Plysjes seagen de auto riden op de Grinzerstrjitwei, wêrby't syn rydgedrach aardich opfoel. De bestjoerder slingere en remme op rare plakken. Hy waard op de Leo Twijnstrstrjitte oan de kant set.

De man joech fuortendaliks ta dat er gjin rydbewiis hie. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)