Man stoarn oan ferwûningen

07 aug 2002 - 00:00

In 37-jierrige man út Lúnbert is yn it sikehûs yn Drachten ferstoarn oan syn ferwûningen nei in ûngelok tiisdei. De man siet yn in sydspan fan in motor. Syn freondin ried op de motor.

In automobilist, in man fan 48 út Boalsert, seach de motor op de A7 oer de holle. Beide kamen nei de botsing yn de berm ta stilstân. De man yn de sydspan rekke swier ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)