Man stoarn nei mishanneling

19 maaie 2011 - 11:27
  • Rosse buert De Weaze yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

In man fan 68 jier is stoarn nei't er by fjochterij op de Weaze yn Ljouwert slim ferwûne rekke wie. It slachtoffer hie sneintejûn 1 maaie klappen krigen fan in 32-jierrige stêdsgenoat. Mei swiere ferwûnings oan 'e holle is de man oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins. Dêr hat er wiken yn koma lein en is er ôfrûne freed stoarn.

De man dy't de klappen útdielde, is dy sneins wol oanhâlden, mar hy is op dit stuit frij. Seksje moat útwize wat de deadsoarsaak west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)