Man stelt út klûs jeugdsoas

24 feb 2011 - 09:54

In 22-jierrige man út Jirnsum hat bekend dat er in pear hûndert euro stellen hat út de klûs fan de jeugdsoas yn it doarp. De ynbraak wie mids jannewaris en soarge foar in soad ûnrêst ûnder it soasbestjoer en de jeugd fan Jirnsum.

Nei ûndersyk fan de plysje is de fertochte oanhâlden. Hy hat bekend dat er it jild stellen hat, mar koe net fertelle wêrom. It jild is ûnderwilens werom by de jeugdsoas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)