Man stelt túnbankje

18 sep 2011 - 15:00

In Ljouwerter (50) is sneontenacht oanholden yn syn wenplak troch de plysje omdat er in túnbankje stellen ha soe. De plysje waard warskôge troch de eigner fan it bankje op de Eebuurt.

Dy 54-jierrige man hearde lûden en seach hoe't twa mannen it bankje yn in auto setten. De eigner rôp noch dat se dêrmei ophâlde moasten en sloech op 'e ruten, mar it duo naaide út yn de auto. De plysje krige in goed sinjalemint wêrnei't de auto op de Keizerskroon fûn waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)