Man stelt pinpas frou út Nes

13 okt 2011 - 11:19

In man hat woansdei de pinpas stellen fan in frou (75) út Nes. Hy hat der ek grutte jildbedraggen mei opnaam. De man hie de frou mei syn auto achterfolge, nei't se boadskippen dien hie yn Dokkum. Doe't se foar har hûs stilstean bleaun, die de man dat ek. Hy frege har yn min Ingelsk it paad, mei in kaart yn de hân. Nei't se him paadwiis makke hie, fernaam de frou dat se har pinpas miste.

De plysje freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)