Man stelt hast 100 fytsen

27 sep 2011 - 10:16

In 28-jierrige man út Ljouwert hat bekend dat er de ôfrûne moannen tusken de 50 en 100 fytsen stellen hat yn de stêd. Hy waard ôfrûne wike op 'e died betrape doe't er in fyts stelle woe by it sintraal stasjon. De Ljouwerter waard fêstset op it buro.

By it ferhoar joech er ta dat er folle mear fytsen stellen hie. Dat die er om drugs keapje te kinnen. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)