Man stelt guod fan buorfrou

09 sep 2012 - 17:46
  • Ynbraak

In 29-jierrige ynwenner fan Noardwâlde is sneontenacht yn de Nieuwstraat oanholden foar ynbraak. Syn 27-jierrige buorfrou hie earder dy wike melding makke fan ynbrekkerij yn har hûs. De ôfrûne fjouwer wiken wiene yndianebylden, in autoradio, lûdsapparatuer, in boulampe en ark fuorthelle.

Doe't de frou sneontejûn nei har buorman gie en deryn litten waard, seach se har stellen boulampe stean. Se warskôge de plysje en dy die ûndersyk. Yn it hûs fan de fertochte waard ek it oare guod oantroffen. De man waard ynsletten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)