Man stelt bier yn Frjentsjer

28 maaie 2014 - 10:43

De plysje hat woansdeitemoarn in winkeldief oanhâlden. De man hie by in supermerk yn Frjentsjer twa fetsjes bier stellen. Dêrnei rûn er yn 'e rjochting fan it stasjon.

De plysje sette in burgernetaksje op. In treinreizger dy't it berjocht krige seach de man yn 'e trein sitten. Op it stasjon yn Ljouwert koe de plysje de man, in 25-jierrige Rotterdammer, oanhâlde. De fetsjes bier binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)