Man stelt autodoarren

08 apr 2010 - 10:11

In man fan 30 fan It Hearrenfean is woansdei troch de plysje oanhâlden, omdat er twa autodoarren stellen hie. De man hie se by in sloperij op De Jouwer kocht. Se sieten noch yn in sloopauto en dêr moasten se noch út.

De fertochte hie se dêrnei ynladen en wie fuortriden sûnder te beteljen. In meiwurker fan de sloperij hie it kenteken fan de man syn auto opskreaun en sadwaande koe er frij gau oppakt wurde. De man is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)