Man stekt himsels yn 'e brân

12 okt 2010 - 10:44

In man fan 24 jier út Bûtenpost hat himsels tiisdeitemoarn betiid yn 'e brân stutsen. Dat wie yn syn tún yn de Dr. Wumkesstrjitte. De man is dêrby om it libben kaam.

In foarbygonger seach it stoflik omskot op in stoel yn 'e tún sitten en warskôge de plysje. Dy hat fuortendaliks in ûndersyk ynsteld om in misdriuw út te sluten. Dat ûndersyk hat útwiisd dat de man himsels te koart dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)