Man stekt buorman mei mes

21 aug 2011 - 13:35

Yn in wenning oan de Kei yn Ljouwert hat de plysje sneontejûn in man fan 66 jier oanhâlden foar besykjen ta deaslach. Om healwei tsienen giene plysjes nei in 112-melding de wenning yn en troffen dêr in ferwûne man oan. It 69-jierrige slachtoffer sei dat er troch de buorman bedrige, slein en dêrnei mei in mes stutsen wie.

It slachtoffer is fuortendalik nei it sikehûs brocht en de buorman waard oanhâlden. Oanlieding wie mooglik in langrinnend skeel tusken beide manlju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)