Man stekpartij langer fêst

10 jan 2014 - 13:55

De 45-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan de deadlike stekpartij yn de Curaçaostrjitte yn Ljouwert bliuwt twa wiken langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris freed besletten. By de stekpartij kaam in 46-jierrige Ljouwerter tiisdei om it libben. Hy waard swier ferwûne oantroffen op 'e dyk en ferstoar letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings.

De fertochte is yn de Feytsmastrjitte oanhâlden. De plysje hat yn de wenning fan de fertochte in himpkwekerij oantroffen. Oft de drugs mei it ynsidint te krijen hawwe, is net dúdlik.

Richard de Casseres, de advokaat fan de fertochte, fynt dat syn man frijlitten wurde moat. Neffens de advokaat waard de man op strjitte oanfallen troch it lettere slachtoffer, in 46-jierrige Ljouwerter. Om him te ferdigenjen tsjin de oanfal, stuts de fertochte lang om let mei in mes op it slachtoffer yn. Dy ferstoar letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings. De 45-jierrige fertochte moat binne twa wiken foarlaat wurde oan de Riedkeamer. Dy kin him dan noch op syn meast 90 dagen langer fêst hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)