Man St. Anne rydt famkes oan

01 okt 2007 - 10:24

In 23-jierrige bromfytser út St. Anne is snein oanholden om't er op de Splitting in oanriding feroarsake hie. Dêrby rekken twa fytsende famkes en hysels ferwûne. Alle trije gongen se ûnderút en waarden mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De famkes mochten nei ûndersyk wer nei hûs.

De fertochte hie ferwûnings oan 'e holle en moast yn it sikehûs bliuwe. De plysje hat in bloedproef by de fertochte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)