Man springt foar ridende auto

07 sep 2013 - 09:54
  • Plysje-embleem

De plysje hat freedtejûn in 40-jierrige man fan It Hearrenfean oanhâlden, omdat er earder op 'e jûn op de Nijstrjitte foar frijwat oerlêst soarge hie. De man wie nei alle gedachten swier ûnder ynfloed fan drugs. Hy sprong foar foarbyridende auto's en wie yn in kafee op in biljert klommen.

Foarbygongers warskôgen de plysje, dy't de man oanhâlden hat. Fanwege syn tastân is besletten de man yn de sel ûntnuchterje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)