Man smyt rút yn by eks

17 maaie 2014 - 11:07

De plysje hat sneontemoarn betiid in 26-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden op fertinking fan fernielerij. De man hie earder dy nacht in rút fan it hús fan syn eks-freondinne ynslein. De frou rekke ferwûne troch it glês en moast har troch in dokter behannelje litte. De fertochte koe koart dêrnei al oanhâlden wurde en is ynsletten op it plysjeburo foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)