Man smyt messen nei plysje

17 jul 2014 - 10:24

Yn Ljouwert hat de plysje woansdeitenacht in 35-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan fernieling en in besykjen ta swiere mishanneling. In tsjûge seach dat de man in parkearde auto oan de Holwortel mei opsetsin fernielde en belle de plysje. Dy trof de man yn syn hûs oan. Doe't se nei binnen woenen, smiet de fertochte messen nei de plysjes. Se rekken net ferwûne. De fertochte is oerbrocht nei it buro en de messen binne yn beslach nommen. Der is oanjefte dien fan de fernielerij oan de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)