Man smart syn eigen sel ûnder

02 sep 2014 - 10:59
  • Oanhâlden

In 24-jierrige man út Dordrecht is moandeitemoarn fan it festivalterrein op de Griene Stjer setten, omdat hy dronken wie en foar problemen soarge. De man waard troch befeiligers bûten it terrein setten en dêrby fersette hy him bot. Plysjeminsken dy't foarbykamen besochten de man te kalmearjen, mar waarden útskolden en beledige. De man is dêrop oanhâlden en ek dêrby fersette hy him wer. Hy is yn de boeien slein en op it plysjeburo ynsletten. Yn syn sel smarde de man de saak derûnder mei syn eigen ûntlêsting.

De beledige plysjes hawwe oanjefte dien, de man hat letter op de dei in ferklearring ôflein en mocht dêrnei fuortgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)