Man slim ferwûne by ûngelok

11 apr 2004 - 00:00

By in ûngelok sneintemoarn op de dyk tusken Jobbegea en Wynjewâld is in man slim ferwûne rekke. Troch ûnbekende oarsaak rekke de man fan de dyk en ried er tsjin in beam. De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle om't er beknypt siet.

De man is mei de traumahelikopter nei it Akademysk Sikehûs yn Grins brocht. De auto rekke folslein fernield. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)