Man slim ferwûne troch fal fan hynder by Arum

23 okt 2015 - 15:20

Op de Allengawei by Arum is freedtemiddei in man swierferwûne rekke, doe't hy fan in hynder foel. It hynder rekke op 'e rin, wêrnei't de man der net langer op sitten bliuwe koe.

It slachtoffer rekke troch de fal sa slim ferwûne dat de traumahelikopter oproppen is. De man is mei de helikopter nei it UMCG yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)