Man slim ferwûne nei fal troch dak yn Jelsum

22 des 2014 - 13:50
  • De man is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht

Op in boerebedriuw oan de Aldlânsdyk by Jelsum is moandeitemoarn in man slim ferwûne rekke nei in fal troch it dak. It slachtoffer sakke troch it dak fan in stâl en foel inkelde meters nei ûnderen.

De man is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. Om't it om in bedriuwsûngelok giet, docht de arbeidsynspeksje fierder ûndersyk nei de tadracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)