Man slein mei kneppel

29 jun 2014 - 10:11

In man fan 27 jier út Ljouwert hat sneontemoarn in 36-jierrige plakgenoat mishannele mei in honkbalkneppel. Dat barde yn de Tramstrjitte. Neffens it slachtoffer wie der noch in twadde man belutsen by de mishanneling.

Yn de boskjes trof de plysje de honkbalkneppel oan. Dy is yn beslach naam.De fertochte is oppakt en ynsletten foar ferhoar. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de twadde man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)