Man slacht rút plysjeauto fyn

26 aug 2010 - 10:31

In 22-jierrige man út in soarchynstelling yn Boschoord hat woansdeitemiddei in rút fan in plysjeauto fernield. De man waard oppakt neidat hy op de Struikheide yn Wolvegea minsken útskolden en bedrige hie. Hy joech oan dat hy fuortrûn wie út de ynstelling.

Underweis nei it plysjeburo yn Drachten waard de man ferfelend en sloech it rút fan de auto stikken. Letter is de man út Boschoord wer nei de soarchynstelling brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)