Man slacht minsken mei glês

14 sep 2008 - 16:46

In Dokkumer hat sneon yn in hoarekagelegenheid oan de Nijstêd yn Ljouwert besocht minsken te slaan mei in glês. De man wie dronken en socht spul mei oare besikers. Portiers koenen him de saak útsette.

De plysje hat de man oanholden. De Dokkumer hie lykwols in dikke hân. Yn it sikehûs die bliken dat dy brutsen wie en dat in operaasje nedich wie. Om't de man tefolle dronken hie, is de hân earst yn it gips set en mocht hy dêrnei syn roes útsliepe yn de sel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)