Man slacht famylje mei staaf

20 feb 2012 - 09:44

In 64-jierrige Ljouwerter is sneintejûn oanholden foar swiere mishanneling. De man hie in famyljelid mei in izeren staaf slein. Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer behannele.

Plysjes hawwe de fertochte oanholden oan de Van Andlastate yn Ljouwert. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)