Man slacht eks-freondinne

26 sep 2011 - 10:14

In 40-jierrige man út Dokkum is snein oppakt foar mishanneling fan syn eks. Hy hie mei geweld besocht har hûs yn te kommen. Dêrby sneuvelen in pear ruten.

Doe't de frou letter fuortfytste, kaam se har eks tsjin yn de Van Kleffensstrjitte. Se naaide út, mar de man krige har dochs te pakken. Hy treau har de boskjes yn, luts har oan it hier en sloech har yn it gesicht. De frou ferskûle har by kunde. De plysje hat de man oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)