Man skopt hûn mank

19 maaie 2011 - 10:47

In 41-jierrige Ljouwerter is troch de plysje oanhâlden foar dieremishanneling. By in ynstelling oan de Egelantierstrjitte hie er foar problemen soarge. Doe't plysje syn ferhaal oanhearre woe, joech de man syn eigen hûn sa'n skop dat it bistje troch de loft fleach en tsjin in rút oanklapte. De hûn rûn dêrnei mank.

De man is oanhâlden foar it skeinen fan de sûnens- en wolwêzenswet foar dieren. It hûntsje is yn beslach naam. Hy giet nei it asyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)