In ynwenner (19) fan Droegeham is freedtejûn syn rydbewiis kwytrekke nei gefaarlik rydgedrach. Hy helle op de Oliemolestrjitte yn Drachten mei hege snelheid in plysje-auto yn. Hy besocht de plysje foar te bliuwen, mar dy naam in koarter paad om him steande te hâlden. De man ried rap en sûnder ljochten it terrein fan in bedriuw op en is dêr oanhâlden. De plysje joech him in bekeuring en naam syn rydbewiis yn. De man waard dêr sa lilk fan dat er in pear dûken yn syn eigen auto skopte.
|
Rianne Hofman (17) fermist
22 feb 2012 - 19:33 |
|
Nijbou Thialf net by Sportstêd
22 feb 2012 - 18:30 |
|
Kooistra jout FNV-leden dien
22 feb 2012 - 15:05 |
|
Ofskiedtsjinst Gerrit Ybema
22 feb 2012 - 15:40 |
|
Besunigings by SC Hearrenfean
22 feb 2012 - 12:32 |