Man skelt plysjes út

15 aug 2010 - 12:38

In 21-jierrige man út Hurdegaryp is sneontenacht oppakt omdat er plysjeminsken útskold. De plysjes dielden in bekeuring út yn de Peperstrjitte yn Ljouwert doe't fan in balkon ôf ferskate kearen op har skolden waard.

De plysjes bellen dêrnei oan by de wenning en troffen dêr in ploech minsken oan. Troch ferskate minsken waard de man út Hurdegaryp oanwiisd as de dieder. Hy is meinaam nei it buro en dêr is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)