Man skeint identifaasjeplicht

03 feb 2005 - 11:26

In 23-jierrige Ljouwerter is woansdei twa kear oanhâlden om't er him net identifisearje koe. De earste kear kaam de plysje him op it Halbertsmaplein yn Grou oer it mad, doe't er yn in ûnfersekere auto ried. De man joech in falske namme op. Op it plysjeburo die bliken dat er ek noch in boete iepen te stean hie. De jûns waard er opnij oanhâlden, no troch de spoarweiplysje yn Ljouwert. Ek dêr koe er him net identifisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)