Man sjitynsidint noch net pakt

04 jan 2013 - 10:20
  • De fertochte riedt op de plysjemotor yn

De plysje hat de man noch net oppakt, dy't tongersdeitejûn in motorplysje omride woe op de A32 by Wolvegea. It giet om in man út Assen. Hy wurdt fertocht fan ferskate ynbraken. Doe't de plysje him yn it fizier krige naaide er út. De motorplysje dy't achter him oansiet, waard op de grutte dyk hast oanriden, doe't de fertochte syn auto yn de achterút sette.

De plysjeman foel en skeat in pear kear yn de loft. Hy rekke net ferwûne. De fertochte is noch net pakt. De plysje woe him by him thús yn Assen oanhâlde, mar dêr wie er net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)