Man sjit himsels yn 'e foet

22 nov 2010 - 16:52

In Ljouwerter hat himsels moandeitemiddei yn 'e eigen foet sketten. Dat wie op 'e Fruitstrjitte, yn de buert fan basisskoalle De Potmarge. De man hat nei alle gedachten mei it pistoal boarte en dat is doe ûnferwachts ôfgien.

Omstanners seagen it ynsidint en warskôgen de plysje. De man is nei it sikehûs brocht. It pistoal is yn beslach naam. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)