Man siket om syn stellen ezel

24 okt 2000 - 17:33

Hylke Sinnema fan Frjentsjer siket syn ezel. It bist is ferline wike stellen út it FEC yn Ljouwert. Sinnema hie it bist freed op 'e feemerk kocht. Hy wie fan doel him snein nei it Indoor Fryslân op te heljen.

Boartsjende bern hawwe sjoen hoe't de ezel yn in Mercedes Vitro-bus laden waard. Wa't wit wêr't de ezel no is, kin it Sinnema melde (06 - 51 95 69 70).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)