Man samar fan de fyts skopt

30 sep 2011 - 10:06

De plysje is op syk nei in fytser dy't woansdeitemiddei by in tankstasjon oan de Burgemeester Falkenawei op It Hearrenfean mishannele is. Even nei healwei twaen waard de man samar ynienen fan de fyts skopt.

De dieder hie dêrfoar yn it tankstasjon in oare man lêstich fallen. Dy persoan hat oanjefte dien. De plysje siket no de mishannele fytser. De mishanneling is troch bewakingskamera's opnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)