Man sakket troch dak bioskoop

15 okt 2006 - 15:50

In ynwenner fan De Jouwer (21) is sneintemoarn betiid om it libben kaam nei't er troch it plafond yn in bioskoop yn Amsterdam fallen wie. De Jouster wie by in dûnsfeest yn de Heineken Music Hall, doe't er de seal útset waard.

Nei alle gedachten hat de man besocht fia de needútgong en it treppehûs fan de bioskoop neist it gebou werom te kearen yn de feestseal. It plafond hold syn gewicht lykwols net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)