Man saak Wolvegea langer fêst

05 okt 2011 - 13:52

De man (52) dy't syn ferstoarne heit opgroeven hat, moat yn alle gefallen noch trije wike yn in sletten psychiatryske ynstelling bliuwe. Dat hat de rjochtbank bepaald.

De man hat syn heit opgroeven en yn de Skipsleat smiten. It lyk waard snein fûn. De heit wie begjin dit jier op it katolike begraafplak fan Wolvegea begroeven. It stoflik omskot wurdt nei alle gedachten dizze wike wer te hôf brocht. Oant dy tiid wurdt it begraafplak kontinu bewaakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)