Man rydt yn op ferkearsregeler

31 okt 2009 - 13:27
  • It barde yn de omjouwing fan Thialf

In 63-jierrige man út Aldskoat is freedtemiddei mei sin op in ferkearsregeler ynriden. Yn de omjouwing fan Thialf dêr't op dat stuit it riden los gie, waard de man frege in eintsje om te riden.

Dat woe de man net en hy gie wer fuort. Doe't er even letter werom kaam, luts de automobilist him neat oan fan it stopsinjaal fan de ferkearsregeler en skepte de man, sadat er op de motorkap telâne kaam. De plysje hat de man oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)