Man rydt yn op bedriuwslieder

20 jun 2010 - 16:44

In 47-jierrige Ljouwerter is sneontejûn yn syn hûs oanhâlden troch de plysje nei't er spul hân hie mei de bedriuwslieder fan in supermerk oan it Cambuurplein. De man moast de winkel ferlitte sûnder syn boadskippen en stapte yn syn auto.

Dêrnei ried er twa kear yn op de bedriuwslieder. Dy warskôge de plysje dy't de 47-jierrige Ljouwerter meinaam en syn rydbewiis ynommen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)