Man rydt tsjin twa auto's

19 feb 2007 - 10:19

In 25-jierrige automobilist fan Sint Jansgea hat snein in oanriding feroarsake yn Tsjalbert. Hy hie twa parkearde auto's rekke.

De warskôge plysje trof de man by de beskeadige auto's oan. De man hie net tefolle dronken hie, mar hie wie al wat wif en sloech wartaal út. Om't de plysje tocht dat de man ûnder ynfloed fan drugs wie is er meinaam nei it buro foar in bloedproef. De útslach is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)