Man rydt tsjin plantebak oan

07 nov 2012 - 10:46
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat tiisdeitenacht in Ljouwerter (37) oanhâlden. Hy wie mei de auto tsjin in plantebak en in stiennen peal riden yn de Monnikemuurstrjitte yn de haadstêd. In tsjûge belle de plysje. Dy fûn de man by syn beskeadige auto. De man wie ûnder ynfloed. Op it buro is in bloedproef ôfnaam. Der is in proses-ferbaal tsjin him opmakke en hy moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)