Man rydt tsjin brêgeleuning

27 feb 2011 - 14:36

In Arumer (37) is sneontejûn op de Séburch ûnder Warkum tsjin in brêgeleuning oanriden en oanslutend trochriden. Trochdat syn auto koelfloeistof lekte wie it foar de plysje net al te dreech om de man te achterheljen. Doe't se de bestjoerder fûnen, stapte dy oer de foet.

De man, dy't ek nei drank rûkte, waard oerbrocht nei it plysjeburo foar azemanalyze. De man moast syn rydbewiis ynleverje. Der waard proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)