Man rydt troch nei ûngelok

20 aug 2010 - 11:21

In 41-jierrige automobilist út Aldehaske is tongersdeitejûn útnaaid neidat hy op de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean in ûngelok feroarsake hie. Tsjûgen warskôgen de plysje en joegen it kenteken troch.

De man waard oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. Omdat tocht waard dat de man mei alkohol op achter it stjoer sitten hie, woe de plysje him in bloedproef ôfnimme. De man wegere lykwols om mei te wurkjen. Dêrom is syn rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)