Man rydt troch nei oanriding

15 jun 2011 - 10:37

De plysje siket de bestjoerder fan in blauwe Ford Focus. De bestjoerder wie moandeitejûn belutsen by in oanriding op de Boskamp yn Easterwâlde. Dêrby rekke in fytser (25) út it doarp ferwûne. De bestjoerder soe de fytser fan achteren rekke ha en ried nei de oanriding troch. De fytser rekke licht ferwûne oan de skonk.

Minsken dy't mear witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)