Man rydt troch nei oanriding

11 sep 2010 - 14:38

In 53-jierrige man fan Steggerda is freedtejûn oanhâlden neidat hy in 42-jierrige frou fan Boyl oanriden hie en dêrnei útnaaide.

De frou siet op it Manauplein yn Noardwâlde yn har auto, doe't de man tsjin har oanried. Doe't de frou útstapte ried de man tsjin har knibbels oan en naaide út. Tsjûgen notearden it kenteken en warskôgen de plysje. Dy pakte de man yn syn hûs op. Hy hie mei tefolle drank op achter it stjoer sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)