Man rydt troch nei oanriding

21 maaie 2008 - 09:47

By in ûngelok op de Wurdumerdyk yn Ljouwert tiisdeitejûn is in Ljouwerter (54) ferwûne rekke. De man fytste op de de dyk doe't er oanriden waard troch in auto. De bestjoerder (24) fan de auto ried nei de klap troch.

De plysje waard belle en gie oan 'e hân fan in sinjalemint fan tsjûgen op syk nei de auto. Dy waard fûn yn de Ipe Brouwerssteeg. De bestjoerder waard letter op 'e jûn oanhâlden. De fytser is mei ferwûnings oan nekke en holle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)