Man rydt troch nei oanriding

26 nov 2005 - 17:17

De bestjoerder fan in buske is freed trochriden nei in oanriding yn Donkerbroek. In 37-jierrige frou út Easterwâlde rekke dêrby ferwûne. De plysje is op 'e siik nei de man.

It slachtoffer fietste by sportpark Ontwijk en waard ynhelle troch in bestjoerder fan in buske mei oanhingwein. De frou waard oanriden en rekke ferwûne oan 'e holle. It slachtoffer waard oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)