Man rydt troch nei botsing

01 jan 2012 - 15:16

De plysje hat âldjiersnacht in 22-jierrige Ljouwerter oanholden om't er trochriden wie nei in oanriding. De man wie yn de Cornelis Trooststrjitte yn syn wenplak achterop in parkearde auto knald. Troch de klap ried dy auto tsjin in wenning oan, wêrby't de foartún en in stek fernield waarden. In tsjûge moast oan de kant springe omdat se oars oanriden wie.

Nei de oanriding wie de Ljouwerter útnaaid. Syn auto waard oantroffen op de Kalmoes. De bestjoerder waard nei it plysjeburo brocht. Hy hie nei alle gedachten te folle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)